Spesjalismen
taalfariaasje en -feroaring, morfology
Projekten
Digitale taalynfrastruktuer, Meartalige letterens
Biografy
Anne Merkuur (1989, It Hearrenfean) behelle yn 2011 har bachelordiploma Nederlânske taal en kultuer oan de Universiteit fan Amsterdam en makke dêr ek de master General Linguistics yn 2013 ôf. Se promovearre yn 2021 oan de Universiteit fan Amsterdam op har ûndersyk nei feroarings yn Fryske tiidwurdbûging (Changes in Modern Frisian verbal inflection): in ûndersyk dat se útfierde oan de Fryske Akademy. Se wurket as taalkundich ûndersiker oan de Fryske Akademy en docht ûndersyk op it mêd fan benammen de Fryske morfology, taalfariaasje en taalferoaring.
Publikaasjes
Merkuur, A. A. (2021). Changes in modern Frisian verbal inflection. Amsterdam: LOT publications.
Merkuur, A., Don, J., Hoekstra, E., & Versloot, A. P. (2019). Competition in Frisian past participles. In Competition in inflection and word-formation (pp. 195-222). Springer, Cham.