Biografy
Mark Raat (Medemblik, 1988) studearre skiednis oan de Vrije Universiteit te Amsterdam. Tusken 2015 en 2019 hat hy by de Fryske Akademy wurke als histoarysk ûndersiker foar de Time Machine-projekten fan HisGIS, sûnt jannewaris 2021 is hy promovendus.
Syn promoasjeûndersyk giet oer de histoaryske langetermynûntwikkeling fan it Fryske Feangreidegebiet (ca. 1600-1970). Hy wurdt begelaat troch prof. dr. Marijn Molema en prof. dr. Hans Mol. It is yn in mandeprojekt fan de Fryske Akademy en it Fries Sociaal Planbureau, dy’t oanslute by in projekt fan it Inspiraasjeteam Takomst Feangreide en it Nasjonaal Park Alde Feanen.
Publikaasjes
Mark Raat - Pure
Mark Raat - Academia