Spesjalisme(n)
meartaligens, taalwinning, socio- en psycholinguistyk
Biografy
Femke van Seijen (Ealahúzen, 1997) studearre Europese Talen en Culturen oan de Rijksuniversiteit yn Grins en Meertaligheid en Taalverwerving oan de Universiteit yn Útert. As ûnderdiel fan har masteroplieding hat se, yn de foarm fan in staazje, ûndersyk dien oan de Fryske Akademy nei code-switching fan Nederlânsk-Fryske twatalige bern.
Op it stuit wurket se by de Fryske Akademy mei oan ferskate ûndersyksprojekten, dy ‘t te krijen hawwe mei it gebrûk fan it Frysk en twataligens binnen de provinsje Fryslân.