Skip to main content

Aggie van der Meer (1927-2023): "Dêr skriuwe je net in ferhaal oer, dêr meitsje je in gedicht oer"

Aggie van der Meer in 2022 (photo: Piet Douma)

Last Saturday, writer/poet Aggie van der Meer (1927-2023) died in Bolsward at the age of 95. Her rich oeuvre of poetry, prose and drama texts was awarded the most important Frisian literary prize, the Gysbert Japicx Prize, in 2019.

In November 2022, Janneke Spoelstra of the Fryske Akademy conducted an interview with her for the project that has the working title 'Interview collection Fryske dichteressen'. It was the first interview in a series that will eventually number around 10 interviews. The project, as part of the Redaksje Literaire Rigen, is intended as an update of Jelma Knol's 1993 book Ut syn aerd wei froulik, de Fryske dichteressen en it misferstân. The Afûk will publish the new interview collection.

A few excerpts from the transcription of the interview with Aggie van der Meer:

 


Janneke Spoelstra: ‘Ik seach, dyn famkesnamme is Van der Klei.’

Aggie van der Meer: ‘Van der Klei, ja. It is in Joadske famylje. We binne fan Joaden ôfkomstich. Dútske Joaden. En yn 1700, doe is der in swikje fan dy Dútske Joaden nei noard Grins gien, en dy hawwe dêr yn 1800 de namme Van der Klei oannommen. Wêrom’t se dat dien hawwe, dat witte wy net. Mar eigentlik is fan al dy Joaden, dy’t yn Grins wennen, in hiel soad yn Appingedam en sa, dy streken, dêr is eins út ’e oarloch net ien libben weromkommen. Yn it boek De Oerfeart haw ik ek in listje jûn fan al dy minsken dy’t yn in âlde tsjerke stiene, de âlde synagoge, en dêr stiene oan ’e iene kant allinne mar Van der Kleis, allegear famyljeleden dy’t yn ’e oarloch fermoarde binne.’

Janneke: ‘O.’

Aggie: ‘Alle minsken dy’t yn Nederlân wenje en dy’t Van der Klei hjitte, binne allegear fan deselde famylje.’

J.: ‘Ja, hin?’

A.: ‘Ja, it is wol nijsgjirrich.’

J.: ‘Mar wat ik eigentlik freegje woe, is: hast ek, hast noait tocht, ik gean skriuwen ûnder de namme Aggie van der Klei?’

A.: ‘Ja, úteinlik spyt it my.’

J.: ‘Ja?’

A.: ‘Yn dy tiid dat ik troude wie dat eigentlik sa. Ik haw der altyd spyt fan hân. Mar myn man wie altyd hiel bliid dat ik Van der Meer (brûkte). Mar der is no niks mear oan te dwaan. Dus op in stuit, tink ik, dan moatst deroer ophâlde. Mar no, yn bepaalde situaasjes, dan skreau ik it der noch wolris even by. Ik wol dy namme der eigentlik dochs wol yn hâlde.’

(...)

 


A.: ‘It bern dat oer it wetter blaast. Dat wie in jonge, dy kaam mei syn pake by ús op besite. Dy pake dat wie in broer fan myn man. Mar dat jonkje wie net âlder as fiif jier. En dy seach by ús op it plat dak, sizze wy dan. Troch de ruten fan ’e keamer seach er in hiel grutte skaal mei wetter. Dat hiene wy altyd hielendal fol, foar de fûgels. En dat fûn dy jonge sa prachtich, dy gie der op ’e knibbels by lizzen, en dan blaasde, blies ….’

J.: ‘Ja, bloes, blies...’

A.: ‘... dan blaasde hy oer it wetter. As moast er it beswarre, witst wol? Werklik yndrukwekkend. Dêr hat er in hiele tiid lein. En úteinlik kaam er yn ’e hûs en doe hie er in hiel lyts bistje by him. En hy frege my oft ik ek wist hoe’t dat bistje hjitte. Nee, helaas, dat wist ik net. Mar ik fûn it wol in prachtich bistje.’

J.: ‘Dat komt ek yn ien fan dy gedichten foar, tink ik.’

A.: ‘Dêr haw ik in gedicht oer skreaun. Dat is dan sa’n situaasje, dêr skriuwe je net in ferhaal oer, dêr meitsje je in gedicht oer.’

J.: ‘Dêr sit in gedicht yn.’

A.: ‘Dat fûn ik yn dat gefal heel dúdlik. En dat haw ik ek dien, en dat is de titel fan it boekje wurden.’

(...)

 


A.: ‘Marga Claus hat in kear tsjin my sein: “It aparte fan dy boeken fan dy is, wêr’t it ek oer giet, ik fiel my der altyd feilich by”.‘

J.: ‘No, dat is ek moai om te hearren.’

A.: ‘Ja, dat wie hiel leuk. Ik gean ek net oant it uterste, om dingen dy’t ferkeard binne oan te jaan, mar ik wol wol alles neame kinne.’

J.: ‘En dat doarst ek.’

A.: ‘Ja, sa yts sei se doe. Ik tink dat froulju dêr miskien toch better yn binne, om net al te oerdreaun oer dingen, watfoar kant dan út ek mar, foaral ek as it ferkeard is, om dat al te oerdreaun te sizzen. Dat soe bêst ris wêze kinne. Mar dêr wit ik net genôch fan om dat te sizzen. Dat kin ik eigentlik net sizze. It is mear in fermoeden, as dat ik it wit.’

(...)

 


A.: ‘Se hiene by it Stedhûs frege, dêr hawwe se ‘De tiid’ [Kultuer-histoarysk Sintrum]: “Wolst dêr in gedicht oer meitsje?” En dêr haw ik heel lang oer prakkeseare moatten. Want ik bin der altyd fanút gien dat de dingen dy’t wy hawwe, de wrâld dy’t wy hawwe, de kosmos dy’t wy hawwe, it kin der allinne mar wêze, bin ik foar mysels ta de konklúzje kommen, as der earst wat west hawwe moat, dat der noait net west hat. Dus dan sis ik mar: “het eindeloos verlangen”. Dat moat der earst west hawwe, en dat hat der noait net west, en dat sil der altyd bliuwe.’

 


More information

Spoelstra has given lectures on her project in Edinburgh and in Leeuwarden. Ensafh, nû. 4 (2022) features an article on the project.
The lecture Spoelstra gave at the Frisian Humanities Conference in Leeuwarden in September 2022 can be read at the Ensafh website.