Midsiuwsk Fryslân | 1st Conference on Frisian Humanities
De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.
Op 23 en 24 april sil de klam op midsiuwsk Fryslân lizze, mear spesifyk op de neikommende trije tema's:
- Midsiuwsk Fryslân 1000-1500
- Rjochtskultuer yn Fryslân (midsiuwen, oant 1700) mei in fokus op de ynfloed fan Romeinsk en kanonysk rjocht yn Fryslân
- Mytology fan de Fryske Frijheid
Programma
Download hjir it programma (pdf, definitive ferzje 16 april 2018).
Download hjir it folsleine programma mei de gearfettings (pdf, definitive ferzje, 17 april 2018).
![](/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Nijs_en_aginda/Eveneminten/Conference_on_Frisian_Humanities/lanfantaal-logo-zwart.jpg)
![](/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Nijs_en_aginda/Eveneminten/Conference_on_Frisian_Humanities/Logo_LF2018.jpg)
Ynskriuwe
De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl
Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.
Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.
| Gewoane priis | Studinten |
1 dei | € 80,00 | € 40,00 |
2 dagen | € 80,00 | € 40,00 |
3 dagen | € 160,00 | € 80,00 |
4 dagen
| € 160,00 | € 80,00 |
Kongreskommisje
- drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
- dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
- dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
- dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)
Kontakt
- info@frisianhumanities.nl of tel. (058) 20 45 200