Spesjalismen
sosjolinguistyk, aksintwerkenning, ymplisite attitudes, eksperimintele taalkunde, queer linguistics
Biografy
Hielke Vriesendorp wurket sûnt juny 2022 by de Fryske Akademy dêr 't er ûndersyk docht nei ûnderbewuste attitudes nei it Frysk en it Nederlânsk fan Frysktaligen, yn de kontekst fan laboratoariumsosjolinguistyk. Hy is yn 2021 promovearre op de ferwurking fan de sosjale betsjutting fan taalfariaasje oan de Universiteit fan Sheffield. Fierder wurket er as dosint oan de oplieding Ingelske Taal en Kultuer oan de Universiteit Utert, en docht er ûndersyk nei ' reinbôgetaalkunde '.