Skip to main content

Meidwaan

Wat moai dat jo ús helpe wolle!

Op dizze side freegje wy jo help by ferskate ûndersiken oangeande de Fryske taal en kultuer. Mei in pear minuten fan jo tiid kinne jo ús ûndersikers goed helpe.

De ûndersiken hjirûnder binne ûntwikkele troch wittenskiplike meiwurkers fan de Fryske Akademy, of binne ta stân kommen ûnder harren tafersjoch. De resultaten wurde brûkt yn ûndersyksprojekten dy't útfierd wurde yn oparbeidzjen mei nasjonale en ynternasjonale kennisynstituten.

By de oproppen stiet altyd in kontaktadres. By fragen oer data, privacy en it ferrin fan it ûndersyk kinne jo de ûndersikers streekrjocht benaderje.


400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen.

Vriesendorp ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer krijt plaatsjes en wurden te sjen dy't posityf of negatyf binne, en wurden dy't Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.

It eksperimint duorret 10-15 minuten en oan de ein fan it ûndersyk krijt elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Vriesendorp hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.

 

Meidwaan:


Kontakt

Foar fragen oer dit ûndersyk kinne jo maile mei dr. Hielke Vriesendorp.