Skip to main content

Akademydei 2024: túnfeest by de Fryske Akademy

Tusken de iuwenâlde beammen en gebouwen, yn de histoaryske binnentún fan it Coulonhûs, wolle wy graach mei jo it 85ste jubileumjier fan de Fryske Akademy feestlik ôfslute. Op freed 13 septimber binne jo de hiele dei fan herte wolkom om mei ús te iten, te proasten en te praten, mar ek om te harkjen nei nijsgjirrige sprekkers en yn ‘e kunde te kommen mei ús wittenskiplik wurk.

Wat: Akademydei 2024
Wêr: Binnentún Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, Ljouwert
Wannear: Freed 13 septimber 2024
Tiid: 10:30-17:00 oere
Parkeargaraazje: 'Oldehoofsterkerkhof'
Iepenbier ferfier: Busline 6 (Halte Bûterhoeke)



Programma

Mei moarns û.o. de ledebeneaming, paneldiskusjes, de Kommissaris fan de Kening dhr. Brok, de presintaasje fan de nije hússtyl en lunch. 
En mei middeis û.o. de útrikking fan de skripsjepriis, paneldiskusjes, boargemaster Buma fan Ljouwert, in lytse kroechkwis, en in buorrel mei muzyk fan Hot & Toasty.
De Afûk is oanwêzich mei in boeketafel.

  • Jo binne de hiele dei wolkom fan 10:30-17:00 oere, ynklusyf lunch en buorrel.

Jo meie fansels ek in deidiel oanskowe.

  • 10:30-13:30 oere: moarn ynklusyf lunch
  • 14:00-17:00 oere: middei mei buorrel

Wachtsje net te lang mei oanmelden, der binne noch mar in pear plakjes frij.
Oanmelde kin allinnich dit wykein noch, fia DIT FORMULIER

Graach oant sjen op freed 13 septimber!