Skip to main content

Fakatuere promoasjeplak Fryske literatuer en maatskippij

De Ryksuniversiteit Grins biedt in promoasjeplak fan 48 moannen (fulltime, 1,0 fte) op it mêd fan de moderne Fryske en Nederlânske literatuer. Promotores binne Prof. Arjen Versloot en Prof. Mathijs Sanders (Ryksuniversiteit Grins).

De oanstelde kandidaat hat by foarkar ekspertize op it mêd fan Literatuerwittenskip en Nederlânske en/of Fryske literatuer en kultuer, mei bysûnder omtinken foar de funksjes fan literatuer yn de maatskippij, en in sterke ynteresse yn it wurkjen binnen in ynterdissiplinêre en meartalige kontekst.

Sollisitearje nei dizze funksje kin oant 20 juny 2024 23.59 oere Nederlânske tiid (CET) troch middel fan in sollisitaasjeformulier.
De folsleine fakatueretekst en it sollisitaasjeformulier fine jo op de website fan de universiteit