Skip to main content

Fakatuere promoasjeplak 'Regionale fariaasje fan it Frysk'

Prof. dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy / Universiteit Utert) sil kopromotor wêze yn it nije promoasjetrajekt 'Regionale fariaasje fan it Frysk' fan de Ryksuniversteit Grins/Campus Fryslân. Dit ûndersyksplak makket ûnderdiel út fan it projekt Melodies of the North fan dr. Josh Schäuble en dr. Vass Verkhodanova. Mooglike kandidaten hawwe oant 12 july om te sollisitearjen.

 

De fakatuere

"Doch mei oan it ûndersyksprojekt Melodies of the North en kreëarje fonetyske argiven foar lytse talen. Mei it Frysk as ûndersyksobjekt rjochtet dyn ûndersyk him op metodologyske en teoretyske doelen, lykas it bestudearjen fan taalfariaasje en taalferoaring, it ûntwikkeljen fan AI-tools en it behearen fan ferskillende belangen fan belanghawwenden. Do silst ek in pioniersrol ferfolje by it opsetten fan in digitaal argyf fan sprutsen Frysk, wêryn't it ferskaat fan dialekten yn de regio fêstlein wurdt.

Dizze multydiminsjonale oanpak is derop rjochte om ús begryp fan it Fryske taallânskip te fergrutsjen, by te dragen oan it behâld derfan en edukative en ûndersyksmooglikheden te befoarderjen. Neist de ûndersyksdoelstellings leit Melodies of the North de klam op de belutsenens fan de mienskip, it befoarderjen fan in kultuer fan linguistysk rintmasterskip en it yn steat stellen fan Frysktalige mienskippen om aktyf diel te nimmen oan it behâld en de refitalisearring fan harren taal."

  • In brief mei cv en ûndersyksfoarstellen moat foar 12 july by de sollisitaasjekommisje wêze;
  • Alle ynformaasje is te finen op de website fan de universiteit.