Skip to main content

Fjouwer nije leden foar Fryske Akademy

Direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm mei de nij beneamde leden flnr: Jacob Fokkema, Sietske Poepjes, Wim Benes en Hinne Wagenaar. (foto: Marieke Balk)

By de Akademydei fan freed 8 septimber 2023 binne fjouwer nije Akademyleden beneamd: Hinne Wagenaar, Sietske Poepjes, Wim Benes en Jacob Fokkema. De leden binne beneamd  op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer.

HInne Wagenaar (61, wenjend te Hilaard, berne te Nijemardum) - In eigen teology, it eigene fan Fryslân en de Fryske identiteit, en dat ferbine mei de wrâld fan tsjerke en leauwen, stiet sintraal yn it libben fan Wagenaar. Dat uteret him ûnder oaren yn in rige wichtige wittenskiplike publikaasjes oer de Fryske sindingsskiednis en yn it opsetten fan in postakademyske kursus Leauwe yn Fryslân foar foargongers en pastores. Foar syn rol as ambassadeur fan it Fryske ferhaal en in Fryske spiritualiteit, mei each foar minske, skiednis en meartaligens, foar syn rol as ferbiner fan minske, mienskip en kultuer, en foar syn rol as oanjager fan in folweardich brûken fan it Frysk njonken oare talen dy’t hjir brûkt wurde yn it domein fan tsjerke en leauwe, en yn it bysûnder foar Nijkleaster, wurdt Wagenaar lid.

Sietske Poepjes (44, wenjend te Makkum, berne te Harns) - Ald-deputearre Poepjes hat har ynset foar in taalbelied mei ambysje en konkrete doelen. Se set har yn foar it Frysk as in ambassadeur, in motivator en in oanjager. Wêr’t se komt, draacht se de Fryske taal en kultuer út. Hja motivearret de mienskip yn it grut en yn it lyts om dy taal te brûken en dy kultuer stal te jaan op in eigentiidske wize.

Wim Benes (57, wenjend te Ljouwert, berne te Harns) - Dat de Fryske taal en kultuer der net bliuwe bûten de wrâld fan ’e digitale helpmiddels en media om seit himsels. As ien fan ’e earsten hie Benes yn ’e gaten, hoe bot oft wy net allinnich sels fia it skerm kommunisearje, mar ek hoe bot oft it skerm kommunisearret mei ús. Wim Benes hat derfoar soarge, dat dy nije begripen al yn in ier stadium ek yn it Frysk op ús ôf kamen. Troch syn krewearjen, yn oparbeidzjen mei de Fryske Akademy en oare organisaasjes, ûntstie de prachtige Fryske samling ynsprutsen sinnen foar CommonVoice, doe’t CommonVoice noch inkeld yn it Ingelsk bestie.

Jacob Fokkema (75, wenjend te Schiedam, berne te Ljouwert) -  Promovearre  yn rekordtiid nei syn ôfstudearjen op in dreech proefskrift, dêrop folgjend ynternasjonale karriêre, waard Fokkema by eintsjebeslút as rector magnificus by syn alma mater yn Delft te gean. Jacob Fokkema siet yn de wittenskipskommisje fan ’e Fryske Akademy, en wie letter foarsitter fan ’e Ried fan Tafersjoch. Hy sette him yn foar de hiele wittenskiplike ynfrastruktuer yn Fryslân, stie oan ’e widze fan ’e University Campus Fryslân. Ek by it ynternasjonaal kennisynstitút Wetsus hat er it nedige út ’e wei set, en boppedat is er lid fan ’e Ried fan Advys fan it bestjoer fan ’e stifting Academie van Franeker.