Skip to main content

Fryske skiednis as ynspiraasje foar Kanadeeske fantasyroman

Op in feest yn Beowulf drinke de krigers bier, fiere harren oerwinning en harkje se nei ferhalen oer helden en legindes. Ien fan dy ferhalen giet oer in bittere fete en oer in keninginne neamd Hild...

Foar har nijste novelle Blood-Siren hat de Kanadeeske skriuwer Kirsty Campbell ûnder mear gebrûk makke fan twa wittenskiplike stúdzjes nei Friezen yn de midsiuwen: Frisians of the Early Middle Ages fan John Hines en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (eds.), en Frisians and their North Sea Neighbours, fan deselde auteurs. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en docht ûndersyk nei de ynterkulturele dynamiek en konneksjes yn de iere midsiuwen yn de regio's om de Noardsee hinne.

 

Oer de skriuwer

Kirsty Campbell skriuwt fantasyferhalen ynspirearre op de krigerskultuer fan Beowulf en heldepoëzy út de midsiuwen. Se wennet yn Montreal en dosearret midsiuwske literatuer oan universiteiten yn Kanada en de Feriene Steaten.

Blood-Siren is as e-book en paperback te bestellen fia Amazon.