Skip to main content

Lêzingen foar de Oldenburgische Landschaft yn Sealterlân

[Foto: H. Topf, Oldenburgische Landschaft]

De Fryske Akademy wurket op it stuit oan in wittenskiplike online-grammatika fan it Sealterfrysk, dy't yn it Ingelsk skreaun wurdt. De earder ferskynde Dútsktalige grammatika, ek fan 'e Fryske Akademy, is foar in breder publyk ornearre en yn it Dútsk skreaun.  

 

In pear wurdsjes Sealterfrysk

Ut namme fan de Fryske Akademy wurket Dr. Eric Hoekstra yn Ljouwert oan dit projekt en drs. Bouke Slofstra yn Sealterlân. Op útnûging fan harren kollega Henk Wolf, wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk - en âld-kollega fan de Fryske Akademy -, brochten njoggen meiwurkers fan de Oldenburgische Landschaft op woansdei 22 febrewaris 2023 in besite oan Sealterlân.  

Nei in waarm wolkom troch boargemaster Thomas Otto yn it gemeentehûs fan Ramsloh presintearren Henk Wolf, syn projektkollega Tjallien Kalsbeek fan it saneamde Seeltersk-Kontoor, en Bouke Slofstra harren wurk. Ek koene de besikers in pear wurdsjes Sealterfrysk leare. Tusken de middei kaam elkenien tegearre foar in lunch yn restaurant Treffpunkt fan Harald Grosser, de soan fan de ferneamde Sealterlânske skriuwster Gretchen Grosser. Hy ferkeapet boeken en kaarten fan syn mem. Dêrnei giene se troch nei Scharrel nei it Seallânske kultuerhûs. Dêr hieten fertsjintwurdigers fan de Seelter Buund de wittenskippers hertlik wolkom.  

 

Oldenburgische Landschaft

De Oldenburgische Landschaft is krekt as de Fryske Akademy in lyts ûndersyksynstitút, dat him rjochtet op de talen en kultueren fan in regio: de eardere Dútske dielsteat Oldenburg. Lykas by de Fryske Akademy wurkje profesjonele ûndersikers der yn wurkferbannen gear mei frijwilligers. De twa ynstituten hawwe no foar it tredde jier op rige in mienskiplik projekt yn de beskriuwing fan it Sealterfrysk. De Oldenburgische Landschaft stelt it bysûnder op priis dat de Fryske Akademy sa'n grutte ynspanning leveret foar de fariant fan it Frysk dy't yn it Sealterlân, dat oant 1946 by de doetiidske dielsteat Oldenburg hearde, noch mar troch in lytse twatûzen minsken sprutsen wurdt.