Skip to main content

Trije ûndersikers Fryske Akademy/Mercator nei Gent en Leuven

F.l.n.r.: Anne Merkuur, Jelske Dijkstra, André Looijenga

Anne Merkuur, Jelske Dijkstra en André Looijenga wiene ferline wike alletrije ôfreizge nei België om diel te nimmen oan ferskate kongressen.

Dr. Anne Merkuur presintearre yn Gent har ûndersyk 'Competing productive rules and ongoing change: Evidence from Frisian verbal morphology' op it kongres 'Unraveling Linguistic Productivity: Insights into usage, processing and variability', organisearre troch Ghent University.

Dr. Jelske Dijkstra, projektmanager fan it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy), wie ek yn Gent, mar dan by it jierlikse kongres fan it European Civil Society Platform for Multilingualism. Mercator is al jierrenlang lid fan dizze Europeeske netwurkorganisaasje en hat sels in tiid bestjoerslid west.

PhD studint André Looijenga, MA, wie by it jierlikse kongres fan de Verein für niederdeutsche Sprachforschung by de Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal en Letteren yn Gent, en dêrnei joech hy yn Leuven noch in presintaasje oer 'Early modern interactions between Latin and marginal written vernaculars' by it 2nd IJsewijn Lecture & Laboratorium oan de KU Leuven.