Skip to main content

Undersyksteam Sealterfrysk krijt stipe út Japan wei

Dr. Stephen Laker (eigen foto/ seeltersk.de)

De beskriuwing fan de Sealterfryske taal sil stipe krije út Japan wei. Dr. Stephen Laker wurket oan de Kyushu Universiteit yn Fukuoka en hat him oansletten by it ûndersyksteam fan Dr. Eric Hoekstra (Fryske Akademy) en Dr. Bouke Slofstra (Lingua Slofstra). Mei-inoar sille hja wurkje oan in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk, dy't oan de ein fan it jier op de webside Taalportaal.org beskiber komme moat. Dêr steane ek al wiidweidige grammatika’s fan it Nederlânsk, Afrikaansk en Frysk. 

De grammatika's op Taalportaal.org binne taalkundich oriïntearre en tsjinje foaral as neislachwurk foar de ynternasjonale ûndersyksmienskip. Hoekstra sil foar Taalportaal de sinsbou fan it Sealterfrysk beskriuwe, Slofstra sil him dwaande hâlde mei wurdfoarming en Laker mei de fonology. Laker sil dêrby stipe wurde troch Dr. Jörg Peters (Carl von Ossietzky Universität Oldenburg), dy't al in tal ynsichtlike stúdzjes publisearre hat oer de útspraak en yntonaasje fan it Sealterfrysk. 

 

Oer Dr. Stephen Laker

Troch syn stúdzjes Ingelske taalskiednis en dialektology kaam Stephen Laker yn oanrekking mei it Frysk. Sawat tweintich jier lyn begûn er mei in stúdzje Aldfrysk by Dr. Rolf Bremmer oan de Universiteit Leiden. Basiskennis fan it Frysk krige er fan Dr. Siebren Dyk op de Universiteit fan Amsterdam. Letter wurke er as dosint histoaryske Ingelske dialektology oan de Universiteit fan Manchester en no is Laker heechlearaar Ingelsk oan de Kyushu Universiteit yn Fukuoka, Japan. Yn ’e rin fan ’e jierren hat er, njonken syn ûndersyk nei de Ingelske taal, ek artikels publisearre oer Fryske taalskiednis en dialektology. Ofrûne wike wie hy gastsprekker op de Dei fan it Sealtersk fan it Seeltersk-Kontoor fan de Oldenburgische Landschaft en de Fryske Akademy.