Skip to main content

Winterskoft mei Akademylêzingen 2024 - 2025

De 65ste rige Akademylêzingen set yn novimber útein. De rige bestiet út trije lêzingedagen fan 10.00 – 15.00 oere en wurdt holden yn twa groepen: groep 1 te Ljouwert en groep 2 op ‘e Jouwer.

De Akademylêzingen is in rige fan 6 publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.

De lêzingen binne foar elk tagonklik. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.

 

Frisia en de Vikingtiid / Verpleegkunde in de GGZ

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Fryske Akademy en Nynke Boonstra, Lector NHL Stenden nimme de earste dei, freed 22 novimber, foar har rekken. De lêzing fan IJssennagger-van der Pluijm giet oer ‘Frisia en de Vikingtiid’. De lêzing fan Boonstra giet oer ‘Verpleegkunde in de GGZ’.

Geertje Lycklema a Nijholt / Infectie en immuniteit, afweer en bescherming

Op tiisdei 21 jannewaris komt dr. Johanneke Liemburg oan it wurd oer ‘Geertje Lycklema a Nijholt, 1938- 2014 - Feministisch strategisch’. Prof.dr. Marien de Jonge, Radboud Universiteit Nijmegen, sil it hawwe oer ‘Infectie en immuniteit, afweer en bescherming’.

De takomst fan it Natoermuseum Fryslân / Friese Dino's in vogelvlucht. De oorsprong en evolutie van vogels / Als u rechter was, dan zou u ....

De rige wurdt op 14 maart 2025 ôfsletten. Direkteur fan it Natuermuseum Fryslân, Froukje Hernamdt, fertelt oer 'De takomst fan it Natuermuseum Fryslân' (moarns yn Ljouwert). Dennis Voeten, konservator Natuermuseum Fryslân, sprekt middeis op ‘e Jouwer oer: 'Friese Dino's in vogelvlucht. De oorsprong en evolutie van vogels'. De heer M.W.P.M. ter Berg, senior raadsheer bij het Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden sprekt moarns Op ‘e Jouwer en middeis yn Ljouwert. De titel fan de lêzing fan Ter Berg liedt: ‘Als u rechter was, dan zou u ….. of toch maar niet?

 

Opjaan en kosten

De kosten foar it bywenjen fan de hiele rige Akademylêzingen (3 dagen) komme op € 30.  It is net mooglik om foar 1 dei een kaart te bestellen.

Kaarten foar Ljouwert

Kaarten foar De Jouwer