Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt Taal en meartaligens
Nije sprekkers fan it Frysk
Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen
Projektnamme: Nije sprekkers fan it Frysk: Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen / New speakers of West Frisian: Promoting language learning and use to foster revitalisation
Undersykstema: Taal en meartaligens - De meartalige mienskip
Rintiid: 11 juny 2020 – 30 juny 2023
Koördinaasje Fryske Akademy/ Mercator: Ruth Kircher (haadûndersiker Mercator)
Partners: Mirjam Vellinga / Afûk (mei-ûndersiker), Ethan Kutlu / University of Iowa, USA (meiwurker)
Finansiering: Undersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân (nûmer 01774057) oan Ruth Kircher en Mirjam Vellinga.
Projektwebsite: Nije sprekkers fan it Frysk / New speakers of West Frisian
Kontakt: Jelske Dijkstra (projektlieder Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen)
Projektbeskriuwing
Frysk, de twadde offisjele taal yn Nederlân, is in minderheidstaal dy’t troch UNESCO klassifisearre wurdt as in bedrige taal. De taal wurdt benammen yn de Provinsje Fryslân beskerme en promoate troch provinsjaal taalbelied en -planning. Oant no ta lei de fokus fan dit belied en dizze planning benammen op de ‘tradisjonele’ sprekkers. Oanfoljende maatregels om it learen en brûken fan de taal te promoatsjen ûnder ‘nije’ sprekkers soenen in wichtige bydrage leverje kinne oan de refitalisaasje fan it Frysk. Nije sprekkers fan in minderheidstaal binne minsken dy’t yn harren jeugd thús of yn harren mienskip (hast) net bleatsteld binne oan dizze taal, mar de taal leare as sy al âlder binne. As nije sprekkers de minderheidstaal aktyf brûke, kinne sy in wichtige rol spylje by de refitalisaasje fan dy minderheidstaal: se kinne it tal minderheidstaalsprekkers fergrutsje – en sels ek it taalgebrûk promoatsje ûnder tradisjonele sprekkers troch it sosjale netwurk fan folwoeksen minderheidstaalsprekkers te fergrutsjen en de mienskippen dêr’t minderheidstaalsprekkende bern opgroeie te ferstevigjen. Taalbelied en -planning wat nije sprekkers oanbelanget soe net sjoen wurde moatte as in ferfanging fan stipe oan tradisjonele sprekkers. It soe just in oanfolling wêze moatte: in folslein ynklusive oanpak fan refitalisaasje fan in minderheidstaal moat ynventarisearje wêr’t de beide groepen sprekkers ferlet fan hawwe en besykje de groepen te konsolidearjen.
Dit projekt rjochtet him op nije sprekkers fan it Frysk yn de Provinsje Fryslân. De dielnimmers binne 264 folwoeksenen dy’t in taalkursus Frysk folgje/folge hawwe by de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje). Middels in fragelist waarden kwantitative en kwalitative gegevens sammele oer de motivaasjes fan dizze nije sprekkers om Frysk te learen, harren hâlding tsjin de taal oer, harren ideologyske evaluaasjes fan de ferskate fariaasjes en de patroanen fan it taalgebrûk. De útkomsten fan it projekt binne beskreaun yn trije wittenskiplike artikels, dy’t allegearre geane oer de ymplikaasjes fan de útkomsten foar mooglike taalplanningsmaatregels om it learen en/of brûken fan it Frysk troch nije sprekkers te stimulearjen. Derneist resultearre it projekt ek yn op ûndersyk basearre lesmateriaal foar Afûk-taaldosinten, in ûndersyksrapport foar de Provinsje Fryslân, en in op ûndersyk basearre taalpromoasjekampanje.
De fragelist, de R-koade dy’t brûkt is foar de data-analyze, en oare ynformaasje, is fergees te lêzen op de webside fan it projekt op it Open Science Framework.
[↑]
Projektresultaten
Publikaasjes
- Ruth Kircher, & Mirjam Vellinga. (2023). New Speakers of West Frisian: Promoting Language Learning and Use to Foster Revitalisation. Undersyksrapport/ Research report.
- Kircher, R., Kutlu, E., & Vellinga, M. (2023). Evaluative reactions to minority languages and their varieties: Evidence from new speakers of West Frisian. Language in Society, 1-27.
- Ruth Kircher, Ethan Kutlu, Mirjam Vellinga, Promoting Minority Language Use to Foster Revitalisation: Insights From New Speakers of West Frisian, Applied Linguistics, 2023.
Lesmateriaal
It lesmateriaal leit nije sprekkers dus út dat dit gedrach (meastal) in gefolch is fan taalûnwissichheid by de tradisjonele sprekkers sels, harren ûnderfinings mei diskriminaasje as sprekkers fan in minderheidstaal en / of harren taalkundige sosjalisaasje. It materiaal befettet ek tips foar nije sprekkers om it brûken fan it Frysk mei tradisjonele sprekkers fol te hâlden.
Taalpromoasjekampanje
- De kampanje Praat mar Frysk – ek mei nije Fryskpraters hie as doel om nije Fryskpraters eksplisyt oan te moedigjen.
[↑]