Skip to main content

Skripsjepriis Fryske Akademy

De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro.

 

Oprop 2022-2024

Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2024 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:

  • It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen.
  • De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2022 en foar 1 juny 2024.
  • Allinnich WU-Masterskripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.

 

Skripsjepriis Fryske Akademy
Martijn Kingma (links) wie de winner fan de Skripsjepriis 2020-2022. Aafke Bonnet-Bekkema (midden) krige in earfolle fermelding. Op de foto stiet ek direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Foto: Marieke Balk

Dyn skripsje ynstjoere?

Skripsjes dy't oan ús betingsten foldogge, kinne oant 1 juny 2024 ynstjoerd wurde. Wy ûntfange graach ien papieren eksimplaar en in digitaal eksimplaar (pdf-dokumint). It papieren eksimplaar kin stjoerd wurde nei:

  • Fryske Akademy
    Skripsjepriis
    Postbus 54
    8900 AB Ljouwert

It digitaal eksimplaar kin maild wurde nei: skripsjepriis@fryske-akademy.nl.

In wittenskiplike sjuery, gearstald út Akademyfermidden, sil de skripsjes beoardielje. Oer de útslach wurdt net korrespondearre en it ynstjoerde eksimplaar fan ‘e skripsje wurdt net retoernearre.

 

Utrikking Skripsjepriis

De Skripsjepriis foar de akademyske jierren 2022-2024 sil útrikt wurde op de Akademydei yn 'e hjerst fan 2024.

 

 

Ald-laureaten fan 'e Skripsjepriis

  

2020-2022 (útrikt 16 septimber 2022)
(Marco) Martijn Kingma, ' Phonetic Aspects of Centring Diphthongs in Frisian. The case of /iə/ and /ɪə/ ', Rijksuniversiteit Groningen, Masterscriptie European Linguistics, 2021.

Earfolle fermelding: Aafke Bonnet-Bekkema, ‘Sinterklaas moderniseert: traditiegetrouw vol verandering'. De viering van het ongeorganiseerde sinterklaasfeest in Leeuwarden, Groningen, Hoorn en regio's de Friese Wouden, het Hogeland, het Oldambt en West-Friesland in de periode 1875-1950. Open Universiteit Heerlen, Masterscriptie Kunst en Cultuurwetenschappen, 2020.

2018-2020 (útrikt 17 desimber 2020)
Sian Wierda, 'Het vrije volk van de heide. Armoede en cultuur onder de bevolking uit de heidenederzettingen in het Fries-Groningse grensgebied tussen 1850-1900', Rijksuniversiteit Groningen, Masterscriptie Geschiedenis, 2018.

2016-2018 (útrikt 14 septimber 2018)
Levi R. Damsma, 'Middelnederlandse invloeden in het Oudwestfriese Oud Schoutenrecht uit Codex Unia', Universiteit Gent, Master thesis Historische taal- en letterkunde, 2017.

2014-2016 (útrikt 7 oktober 2016)
Nienke Jet de Vries, 'Fan Selskip nei mienskip. De rol fan Fryske literatuer tusken 1844 en 1915 as ferbinende krêft fan de ta stân kommende Fryske mienskip', Rijksuniversiteit Groningen, Master thesis Fryske letterkunde, 2015.

2010-2014 (útrikt 12 septimber 2014)
Thomas M. van den Brink, ‘Op zoek naar een sluitende verklaring waarom Molkwerum vrijwel van de kaart verdween. De langetermijngevolgen van een sociaal-economische transitie op het landschap en de samenleving van Molkwerum (Zuidwest-Friesland) tussen 1700 en 1900’, Rijksuniversiteit Groningen, Master thesis Landschapsgeschiedenis, 2013.

2008-2010 (útrikt 12 septimber 2014)
Inge Heslinga, 'Leave Abonnee. Conflict tussen de Friese literaire tijdschriften De Tsjerne, Quatrebras en Asyl (1946-1968)', Rijksuniversiteit Groningen, Master thesis Kunsten, Cultuur en Media, 2008.

2006-2008 (útrikt 12 juny 2009)
Arjen Dijkstra, 'Het vinden van Oost en West in het Friesland van de zeventiende eeuw. De polemiek tussen Lieuwe Willemsz. Graaf (1652-1704) en Benhardus Fullenius Jr. (1640-1707)', Rijksuniversiteit Groningen, Vakgroep Landschapsgeschiedenis, 2007.

2004-2006 (útrikt 19 april 2007)
Marijke Andringa, 'Sociaal-culturele planning in de Friese Wouden; Het ontwikkelingsgebied Oostelijk Friesland 1952-1960', Open Universiteit: Algemene Cultuurwetenschappen, 2006.

2002-2004 (útrikt 1 maart 2005)
Jelske Dijkstra, 'FRYSS – A first step towards Frisian TTS', Universiteit van Amsterdam, Taalwetenschap, Spraakcommunicatie en –technologie, 2004.

2000-2002 (útrikt 13 febrewaris 2003)
Anne Tjerk Popkema, 'Aldfryske wei-oantsjuttings; In ûndersyk nei it Aldfryske wurdfjild ‘ferkearsferbinings oer lân’', Rijksuniversiteit Groningen, Fryske taal- en letterkunde, 2002.

1998-2000 (útrikt 1 maart 2001)
Annelies van der Goot, 'Voortaan is alles betaald; Oproer in Friesland, 1847', Erasmus Universiteit Rotterdam, Faculteit der Historische en Kunstwetenschappen, 2000.

1996-1998 (útrikt 17 febrewaris 1999)
Johan Nicolay, 'Goudvondsten in het Noord-Nederlandse Terpengebied (450/500-650 n. Chr.). Politieke, religieuze en sociale aspecten van import, circulatie en depositie van goud', Rijksuniversiteit Groningen, Afdeling Archeologie, 1998.

1994-1996 (útrikt 19 febrewaris 1997)
Linda Huisman, 'Holwerd, een dijk van een dorp? Een onderzoek naar de leefbaarheid', Rijksuniversiteit Groningen, Faculteit der Ruimtelijke Wetenschappen, 1995.

1992-1994 (útrikt 7 maart 1995)
Onno Hellinga, 'Leven en werk van de Friese jurist, diplomaat en politicus Hessel Aysma (1527/28-1592)', Rijksuniversiteit Groningen, 1993.

1990-1992 (útrikt 19 maart 1993)
Anne Wegener Sleeswijk, 'Ondernemen in hennephandel en touwslagerij: de firma Hylke Jans Kingma, 1762-1782', Universiteit van Amsterdam, Afdeling Economische en Sociale Geschiedenis, 1992.

1988-1989 (útrikt 13 febrewaris 1990)
Bert Herberigs, 'De sociaal-economische omstandigheden van werklozen in Friesland', Landbouwuniversiteit Wageningen, 1989.