Skip to main content

Nijsberjochten

jul

10

Fryske Akademy en oare Fryske organisaasjes jouwe in wykein lang op in tagonklike wize ynsjoch yn 'e wrâld fan wittenskip en technology.

Mear lêze

jul

08

De 65ste rige Akademylêzingen set yn novimber útein. De rige bestiet út trije lêzingedagen, yn Ljouwert en op ‘e Jouwer.

Mear lêze

jul

03

Op it Celtic Knot Wikimedia Language Conference yn Ierlân wurde resultaten presintearre fan it WikiWomen projekt, dêr't Mercator partner yn is.

Mear lêze

jul

01

Promovendus André Looijenga sil op 8 july in lêzing fersoargje oer Gysbert Japix’s Friesche Rymlerye op in kongres op de University of Sheffield (UK).

Mear lêze

jun

28

De Ryksuniversiteit Grins biedt in promoasjeplak oan binnen 'Melodies of the North'. Prof. dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy) is kopromotor.

Mear lêze

Sjoch mear nijsberjochten.

Eveneminten

aug

29

Fryske Akademy stipet de Ynternasjonale Konferinsje oer Treddetaalwinning en Meartaligens, organisearre troch de Ryksuniversiteit Grins.

Mear lêze

sep

13

De Fryske Akademy nûget alle leden, stipers en relaasjes fan herte út ta it bywenjen fan de jierlikse Akademydei, de ôfslúting fan ús jubileumjier!

Mear lêze

sep

25

It team efter it Erasmus+ projekt WikiWomen presintearret nije edukative helpmiddels op it Celtic Knot Conference yn Waterford City, Ierlân.

Mear lêze

okt

01

It OWL+ Team presintearret de Toolkit foar profesjonele ûntjouwing fan learkrêften yn lânlike gebieten en/of minderheidstaalmienskippen.

Mear lêze

okt

05

Campus Fryslân, Fryske Akademy, Tresoar, Dbieb, en Natuermuseum Fryslân jouwe ynsjoch yn 'e wrâld fan wittenskip en technology.

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Segel Fryske Akademy

Fryske Akademy

Wy binne in akademysk ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus, bewoartele yn de Fryske maatskippij en operearjend yn de ynternasjonale wittenskiplike wrâld.

Wy meitsje it Frysktalich en histoarysk erfguod tagonklik foar wittenskip, ûnderwiis en maatskippij en ûntwikkelje digitale ynstruminten en kolleksjes foar ynnovearjend ûndersyk.

 

Undersyksoutput


Publikaasjes

Op it ûndersyksportaal PURE fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) fine jo in oersjoch fan alle ûndersykspublikaasjes en -aktiviteiten en ferwizingen nei open access-publikaasjes fan de Fryske Akademy.

Mear lêze


Taaldatabank Frisian.eu

In webside mei in grut ferskaat oan (âld)Fryske taalboarnen, lykas data, tools en tsjinsten. Datasets kinne delhelle wurde, Json services binne frij beskikber. De ûnderlizzende data wurdt hieltyd ûnderhâlden.

Mear lêze


Taalportaal

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is troch ûndersikers út Fryslân, Nederlân en Súd-Afrika.

Mear lêze­


Mear oer ús ûndersyksoutput

 

Projekten


Frysker: Help by it Frysk skriuwen

Frysker.nl is in site mei helpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol, lykas in oersetter, staveringshifkers en wurdboeken. De earste 30.000 wurden fan it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek steane ek op Frysker.

Mear lêze


Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Mear lêze


Historisch Geografisch Informatiesysteem

Yn it âldste kadaster (1832) binne op HisGIS.nl 3 miljoen perselen krekt yn kaart brocht. Dêrop slute kaartlagen oan - fan loftfoto's oant iermoderne lânmetersopnamen - dy't mei-inoar te kombinearjen binne.

Mear lêze


Mear oer ús ûndersykstema's

 

Leden en stipers fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Lês mear oer leden en lidmaatskip.

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke. Lês mear oer it stiperskip.