Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027

• Kennisgebiet: De minske en syn omjouwing

 

Tema: De dynamyske relaasje mei it lân en it wetter troch de iuwen hinne
Tema: Kultuer en identiteit

De minske stiet net los fan syn omjouwing, mar minske en omjouwing beynfloedzje inoar. Yn dit kennisgebiet stiet dy ynteraksje sintraal. Binnen dit kennisgebiet wurdt ûndersyk dien nei it romtlike aspekt fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Dêrneist wurdt ûndersocht hoe’t minsklik krewearjen it lânskip fan de Fryske lannen yn de rin fan de iuwen transformearre hat, mar ek hoe’t it karakter fan it lânskip de skiednis, kultuer, taal en identiteit beynfloede hat. Mei oare wurden, hoe wurdt de hieltyd feroarjende ferhâlding mei it lân en it wetter wjerspegele yn de taal, kultuer en skiednis? En hoe ferhâldt de Fries him ta syn maatskippij troch de iuwen hinne?

 


Tema: De dynamyske relaasje mei it lân en it wetter troch de iuwen hinne

Sûnt klassike auteurs foar it earst de eagen op it Fryske lânskip rjochten, sjogge wy it Fryske gebiet as in regio dêr't wetter, lân en bisten hieltyd om harren plak fjochtsje. Yn de oaninoarskeakeling fan klaaigrûn, feangreidegrûn, marren, eilannen en klif dy’t troch iuwenlange krêftmjitting fan wetter en lân ûntstien is, passe minsken harren fan need oan. Mar om sa optimaal mooglik yn dy lânskippen wenje te kinnen, passe de minsken ek it lânskip hieltyd oan. It karakteristike terpelânskip is hjir in foarbyld fan. It libben mei de dynamyk fan lân en wetter, en it striden foar in plak yn it lânskip, hoe foarmet dat de Fryske kulturele en talige identiteit? 

Trochdat Friezen altyd bedreaun west ha yn skipfeart wiene der in soad kontakten mei oare kustgebieten, soms mear as mei it binnenlân. It hiele súdlike Noardseegebiet dat mei-inoar as Frisia bekend stie, wie mei de kusten fan de Britske Eilannen en West-Skandinavië ferbûn. Yn de Iere Midsiuwen - de tiid fan Redbad en fan de Fikingen - ûntstiet der in sadanige mjitte fan migraasje, útwikseling en kontakt, dat der soms sprutsen wurdt oer in dielde Noardseekultuer. Troch de tiid hinne bliuwe Friezen hieltyd ferbûn mei ynternasjonale maritime netwurken. Sa spylje se in wichtige rol yn de netwurken fan Hanzestêden en keapfardij, wêrtroch’t de Fryske lannen mei grutte dielen fan Noardwest- en East-Europa ferbûn binne. Dy dynamiken wurde út ferskate perspektiven wei en mei ferskillende boarnen ûndersocht.  

Hjoed-de-dei is it Fryske lânskip fan lân en wetter benammen it toaniel fan mei-inoar stridende belangen en takomstfragen. Bygelyks hoe om te gean mei klimaatferoaring, beheinde romte of boaiemdelgong yn feangreidegebieten. Ut dit ûndersykstema wei draacht de Fryske Akademy by oan de ferdjipping fan dizze debatten en de karren foar de takomst.  

 []

 


Tema: Kultuer en identiteit

Binnen dit ûndersykstema bestudearje wy hoe’t der yn de rin fan de iuwen op útienrinnende wize ynfolling jûn is oan de Fryske identiteit. Identiteit liket op it earste gesicht in abstrakt en ûngrypber ding, mar troch ûndersyk te dwaan nei histoaryske en eigentiidske uterings fan Fryske identiteit kinne wy dochs in soad te witten komme oer de selsbylden dy’t Friezen yn de rin fan de tiid fan harsels foarme hawwe. Wat makket in Fries no eins in échte Fries? En waarden de dingen dy’t hjoed-de-dei as ‘typysk Frysk’ sjoen wurde eartiids op deselde wize ûnderfûn? Yn hoefierre kinne wy troch de tiid hinne eins sprekke fan in ‘kollektive identiteit’ fan ‘Friezen’? Is ‘de' Fryske identiteit in moderne útfining, of is der ek sprake fan kontinuïteit tusken doe en no? Mei de ynsjoggen út ferlykjend perspektyf wei wurdt in bydrage levere oan gruttere debatten en ynternasjonale projekten oer nasjonale en regionale identiteitsfoarming.

Bysûnder omtinken giet binnen dit ûndersykstema út nei de ferhâlding tusken taal en identiteit, de byldfoarming fan it eigen ferline, it ûntstean en de histoaryske ûntwikkeling fan de Fryske Beweging, en de rol fan identiteitsclaims yn it publike debat. Mei kultuer wurdt yn dit ferbân it folsleine skala oan tradysjes, gebrûken, yntellektuele streamings en keunstuterings bedoeld dat bydraacht oan de identiteitsfoarming. De bestudearring fan de Fryske letterkunde hat ek in plak binnen dit ûndersykstema, as bril dêr’t wy troch sjen kinne nei kultuer, identiteit en mienskip. Wichtige ynfalshoeke dêrby is hoe’t de Fryske letterkunde reagearret op de hieltyd feroarjende, moderne mienskip.

 

 []

 


Relatearre

[]