Archeologysk Wurkferbân
It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.
Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.
Oprjochtingsjier
1983
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Sible de Roos
Skriuwer: Koos Tiemersma (e-mail)
Wat dogge wy allegear?
- Lêzingen: troch faklju en leden, oer ûnderskate ûnderwerpen en perioaden: fan Stientiid oant en mei de Midsiuwen;
- Ekskurzjes: nei museums en argeologyske monuminten, sawol yn as bûten Fryslân;
- Opgravings: meihelpe by sawol grutte wittenskiplike projekten as by lytsere needopgravings;
- Kursussen: fral rjochte op 'e praktyk; diggels en fjoerstienark werkenne, fjildferkennings dwaan, mjitte, ynventarisearje, ensafuorthinne;
- Fynstferwurking: fynsten determinearje, beskriuwe, lymje en konservearje.
Mei al dy aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn Fryslân te stypjen. Wa't belangstelling hat foar âldheden en de iere skiednis en oan dy leafhawwerij wat mear dwaan wol, kin lid wurde fan it Argeologysk Wurkferbân. De iennichste betingst is dat jo tagelyk ek stiper fan 'e Fryske Akademy wurde.
Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei skriuwer Koos Tiemersma.
Ferslagen en dokuminten

'Diggelgoud. 25 jier Argeologysk Wurkferbân' (2008)
Yn 'e bondel Diggelgoud (2008), dy't útjûn waard ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Argeologysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy, jouwe 38 auteurs oan 'e hân fan konkrete fynsten - fan prehistoaryske artefakten fia Romeinske munten, gewichten en ûneresten oant midsiuwske sieraden en ferlitten tsjerkhôven - in oersjoch fan 'e stân fan saken yn 'e Fryske archeology, de wichtigste fynsten en ûntdekkingen fan 'e ôfrûne desennia, it oparbeidzjen fan wittenskippers en amateurs, en de risseltaten fan dy gearwurking yn tal fan projekten yn it fjild.
It boek is te bestellen fia de Afûk-websjop foar mar € 2,50.
Aginda
Winterprogramma 2025-2026
Tiisdei 07-10-2025
Ledegearkomste mei in lêzing fan Cuno Koopstra, archeolooch en projektmanaer by Movares, oer de de lêste befiningen fan de opgraving by it Waachplein yn Ljouwert yn 2023.
Mear ynformaasje >>
- Tongersdei 27-11-2025 Lêzing, mear ynformaasje folget
- Tiisdei 03-02-2026 Lêzing, mear ynformaasje folget
- Tongersdei 16-04-2026 Lêzing, mear ynformaasje folget
----
Earder yn it winterseizoen 2025-2026
Sneon 6 septimber 2025: Ekskurzje nei Frentsjer (13:00, Museum Martena, Frentsjer)
It programma bestiet út in stedskuier, in besite oan it museum Martena mei in rûnlieding en in besite oan it Planetarium. Oanmelde is needsaaklik, kosten foar de ekskurzje bedrage €15,- p.p., kofje/tee mei koeke €2,50 p.p.
Mear ynformaasje >>