Wurkgroep Akademylêzingen
De Akademylêzingen (earder de Frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.
Der komt in protte folk op ús lêzingen ôf. It publyk komt foar it measte part noch altyd fan 'e frouljusorganisaasjes, mar de lêzingen binne foar elk tagonklik. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.
Us rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden: De Koperen Tún yn Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer.
Oprjochtingsjier
1957 (wurkgroep sûnt 2008)
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Akkie Lindeboom (e-mail)
Skriuwer: Anneke de Vos
Leden: Fenna Stoel, Aukje Dijkstra, Jantsje Kalsbeek en Froukje Swierstra-Luimstra
Aktiviteiten
2024-2025
De Akademylêzingen fine trije kear yn it winterskoft tagelyk plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer. De data foar it 65ste winterskoft fan de Akademylêzingen binne bekend
Lêzing 1, moarns 10.00-12.00 oere (45 min lêzing, kofjeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Lêzing 2, middeis 13.30-15.30 oere (45 min lêzing, teeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Groep I, Ljouwert
Grand Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsetún 1, 8911 DE Ljouwert, tel. (058) 213 11 00
Groep II, De Jouwer
Party- en Sealesintrum It Haske, Vegelinswei 20, 8501 BA De Jouwer, tel. (0513) 41 52 81
Eftergrûnynformaasje
Eftergrûnynformaasje oer sprekkers en tema's folget.
Datum | Groep I, Ljouwert (De Koperen Tuin) | Groep II, De Jouwer (It Haske) |
Freed 22 novimber 2024 | neiere ynfo folget | |
Tiisdei 21 jannewaris 2025 | ||
Freed 14 maart 2025 |
It programma kinne jo hjir ynkoarten dellade as pdf bestân.
Gearfetting eardere lêzingen
21 novimber 2023:
Sander Ebbers - 'Hoe kun je als burger jezelf weerbaarder maken tegen cybercrime’
17 jannewaris 2020:
Jonathan Bos - Gescheiden en verbonden door bezit (Friesland tussen 1350 - 1600)
19 novimber 2019:
Mr. dr. Wiene van Hattum - Levenslange gevangenisstraf’ : wat betekent dat eigenlijk?
Jan de Vries - Verzwegen Zeeheld – Jacob Benckes (1637-1677) en zijn wereld
2017-2018: Jubileum 60 jier Akademylêzingen
Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.
- Foto-ympresje fan it jubileumprogramma (Flickr)
- De lêzing fan Evelien Tonkens: Toegang tot kennis heeft geleid tot meer ontwikkeling en emancipatie (pdf)
- Filmke oer 60 jier Akademylêzingen troch NHL-studinten
Jierferslaggen
- Jierferslach 2019 (pdf)
- Jierferslach 2016 (pdf)