Wurkgroep Maritime Skiednis
De Wurkgroep Maritime Skiednis wol de stúdzje nei en de belangstelling foar de maritime skiednis fan Fryslân befoarderje, ûnder oaren mei in jierliks sympoasium.
Persoanen dy't sels aktyf ûndersyk dogge nei de (Fryske) maritime skiednis, kinne lid wurde fan de wurkgroep. Oan it lidmaatskip is gjin kontribúsje ferbûn, mar leden wurdt frege om stiper te wêzen fan de Fryske Akademy. Oanmeldingen as fragen om ynformaasje graach stjoere nei de skriuwer fan de wurkgroep.
Oprjochtingsjier
2008
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Jan Auke Walburg
Ponghâlder: Peter Tolsma
Skriuwer: Hester Postma (e-mail)
Bestjoersleden: Hanno Brand, Johan Steendam, Jelle Jan Koopmans
Oer de wurkgroep
De Wurkgroep Maritime Skiednis wurket oan ferskate aktiviteiten, lykas de neikommende:
- It organisearjen fan iepenbiere kongressen oer de (Fryske) maritime skiednis;
- It befoarderjen fan it publisearjen fan ûndersyksresultaten;
- It befoarderjen fan de ûntsluting en de berikberens fan relevante boarnen;
- It befoarderjen fan de ûnderlinge gedachtewiksel fan de leden.
Ferslaggen
- Ferslach Sympoasium Watersnood 1825 WMS 2025
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2024
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2023
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2020-2021-2022
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2019
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2018
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2017
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2016
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2015
- Jierferslach Wurkgroep Maritime Skiednis 2014
Aginda
Utnûging
18 oktober ledegearkomste yn it Skûtsjemuseum Earnewâld
Johan Prins, bouwer fan de replika fan it skûtsje de Aebelina dat sa fluch wie dat it net mear meidwaan mocht oan wedstriden, fertelt oer de bou fan it skip en wêrom't it sa razendfluch wie. It skip is te besjen nei it skoft, wannear't de oprjochter en direkteur fan it museum, Age Veldboom, ús rûnliedt en ferhalen fertelt oer de skepen en oare saken út de kolleksje.
Ynrin 13:00, start 14:00.
Mear ynformaasje >>
Sneon 7 maart 2026, Tresoar, Ljouwert
Mienskiplike gearkomste mei it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy en de NGV, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen
---
Earder yn it seizoen 2024/2025
12 april 2025, Ir. D.F. Woudagemaal, De Lemmer
Jiersympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis.
Mei: Lotte Jensen (Radboud Universiteit Nijmegen), auteur fan it bekroande boek 'Wij en het water'. Koartere foardrachten wurde fersoarge troch Otto Knottnerus, Frits David Zeiler, Mark Raat en Jan-Dirk Wagenaar.
Mear ynformaasje en tickets >>
5 oktober 2024, Museum Hylpen
Ledegearkomste yn mei 2 lêzingen en de mooglikheid om it fernijde museum te besjen. Start: 13:30 oere.
Utnûging NL/Frl