Skip to main content Skip to page footer

Archeologysk Wurkferbân: Lêzing

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe en besiket om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

Oer de ledegearkomste
Tiisdei 7 oktober sil der wer in ledegearkomste wêze mei in lêzing fan Cuno Koopstra, archeolooch en projektmanaer by Movares, oer de de lêste befiningen fan de opgraving by it Waachplein yn Ljouwert yn 2023.

Begjin 2023 is it Waachplein yn Ljouwert op ’e nij ynrjochte. Under lieding fan André Pleszynski is der in opgraving west. Tafallich kaam dit krekt út mei syn sprekbeurt foar it Wurkferbân yn febrewaris 2023. Hy hat ús toen al it ien en oar ferteld oer wat dêr oan it ljocht kaam. Mar no is de einrapportaazje klear en út de analyze is folle mear kaam as yn earste ynstânsje allinnich út de fynsten bliken die. No komt archeolooch Cuno Koopstra en projektmanager by Movares te fertellen oer de lêste befiningen fan de opgraving.

Mear ynformaasje >> 

De oare aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:

  • Lêzing: tongersdei 27-11-2025
  • Lêzing: tiisdei 03-02-2026
  • Lêzing: tongersdei 16-04-2026