Skip to main content Skip to page footer

Klaas Abma. Eigen foto.

Lêzing Genealogysk Wurkferbân: 'De Voorlanden' troch Klaas Abma

Op sneon 25 oktober 2025 is elkenien fan herte wolkom by de gearkomste fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Te gast is dit kear Klaas Abma, dy't ûndersyk die nei syn foarâlders yn de súdwesthoeke fan Fryslân.

It ûndersyk nei de foarâlders fan Klaas Abma brocht oan it ljocht dat de measten dêrfan boer west ha, en dat it measte him ôfspile hat yn de súdwesthoeke fan Fryslân. De fraach wie wêr’t dy buorkerijen stien ha en wat dêr noch fan oer is. Boppedat wie Klaas nijsgjirrich wat der noch mear te finen wie: hoe grut wiene dy pleatsen, hoefolle kij ha se hân, hoe seagen de pleatsen derút ensf. ‘De Voorlanden’ is it ferslach fan dy syktocht. 

It is in kombinaasje wurden fan gegevens út âlde kaarten, kadastrale registers en wat der fierder te finen wie by it Kadaster, notariële aktes, belestingregisters, oare argyfstikken en materiaal dy’t yn de famylje bewarre bleaun is. Guon pleatsen binnen der noch, oaren binne ta de grûn ta ôfbaarnd, op oare plakken stiet no in hûs en soms is der ek hielendal neat mear. Mar yn elts gefal is Klaas der yn slagge om fan 1680 ôf de eksakte lokaasje te finen. Miskien is it ek noch mooglik om fierder yn e tiid werom te gean, mar dat is wat for de takomst.

Oer Klaas Abma


Klaas Abma (1960) wurket by de gemeente Súdwest-Fryslân as strategysk adfiseur en by de Vrije Universiteit yn Amsterdam as dosint Bestjoerskunde. Foardat hy by de gemeente oan de slach gie, hat hy 24 jier wurke by it Kadaster. Earst as lânmjitter/tekenaar en letter as liedingjaande.

Sûnt 2017 is hy as amateur-genealoog dwaande mei de skiednis fan syn famylje. De lêste twa jier hat hy ûndersyk dien nei de plekken wêr’t syn foarâlders wenne ha. Dat is no slagge fan ûngefear 1680 ôf. It boekje ‘De Voorlanden’ giet oer dizze syktocht.

Oer it Genealogysk wurkferbân


It Genealogysk Wurkferbân (sûnt 1946) graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Ynformaasje


Datum: Sneon 25 oktober
Tiid: 13:30 oere
Plak: Tresoar, Bûterhoeke, Ljouwert
Yntree: fergees
Mear ynformaasje: Utnûging (pdf)