Taalsurvey 2025: 'Fryske taal bliuwt stevich ferankere yn de maatskippij'
Behearsking, hâlding en gebrûk
De resultaten fan it ûndersyk litte sjen dat jonge âlden faker Frysk tsjin harren bern prate as âldere generaasjes, wat sjen lit dat de oerdracht fan it Frysk wize kin op in bewuste kar om bern ek mei it Frysk grut te bringen. Ut ferlikingen mei eardere taalsurveys docht bliken dat de lês- en skriuwfeardigens omheech gien is sûnt 1995 en stabyl bliuwt mei de foarige mjitting út 2018, hoewol't de skriuwfeardigens noch altyd relatyf leech is.
Op it mêd fan taalhâlding tsjin it Frysk oer binne der ek opfallende útkomsten. 63,7% fan de respondinten jout oan de taal wichtich te finen foar sosjale gearhing en identiteit. By de wearde fan it Frysk foar karriêre of prestiizje, leit dat persintaazje folle leger (23,5%). Opfallend genôch foarseit net it hawwen fan Frysk as memmetaal hoe posityf oft ien tsjin de taal oer stiet, mar benammen de eigen taalidentiteit: minsken dy't harsels ta de Frysktaligen skarre binne folle positiver as minsken dy't har identifisearje as Nederlânsktaligen, ek as sy beide opgroeid binne mei it Frysk. Dat wiist op it groeiende belang fan it identiteit- en mienskipsgefoel.
As it giet om taalgebrûk docht bliken dat it Frysk stevich oanwêzich bliuwt yn húslike en sosjale konteksten, al ferskille patroanen per regio, leeftyd en opliedingsnivo. De selsbeneamde identiteit hinget ek gear mei it faker brûken fan it Frysk. Húshâldingen blike boppedat faak meartalich te wêzen. Ferfolchûndersyk moat útwize oft dit te tankjen is oan de promoasjekampanjes foar it brûken fan it Frysk yn de ôfrûne jierren. 2 Fryske Akademy & Planbureau Fryslân
Oanbefellingen foar belied: bliuwende ynset nedich
De Fryske Akademy docht op basis fan de resultaten seis oanbefellings foar takomstich taalbelied. De kearn dêrfan is dat it Frysk fersterke wurde moat yn sawol de priveesfear en it ûnderwiis as it publike domein, oerheden en profesjonele konteksten:
- Untwikkelje belied dat ynspilet op taalidentiteit.
- Gean troch mei it belied om de lêsfeardigens yn Frysk ûnder jongerein te fergrutsjen troch praktykrjochte inisjativen en oanfoljend ûndersyk.
- Bliuw konsistint ynvestearjen yn Frysk skriuwûnderwiis.
- Meitsje it Frysk sichtberder yn profesjonele, akademyske en stedske konteksten.
- Set belied om Frysktalige opfieding hinne fierder troch en fersterkje wêr mooglik.
- Fersterkje de posysje fan it Frysk by oerheden.
De útkomsten meitsje dúdlik dat it brûken fan it Frysk net fanselssprekkend is, en dat it in bewuste kar en ynset freget om de taal fitaal te hâlden. Eftergrûnynformaasje: Taalûndersyk en monitoaring foar brede wolfeart De taalsurvey is in grutskalich ûndersyk nei taalfeardigens, taalgedrach en taalhâlding oangeande it Frysk yn Fryslân, dat al sûnt 1967 periodyk útfierd wurdt. De nijste edysje set dy tradysje troch en slacht tagelyk in nije wei yn mei in gearwurking tusken de Fryske Akademy en Planbureau Fryslân. Dy twa partijen wurkje ek gear oan in weromkommend ferfolchûndersyk yn de foarm fan in strukturele taalmonitor om ûntwikkelings yn it gebrûk en de fitaliteit fan it Frysk better te folgjen. Mei de nije Fryske taal en identiteitsmonitor wurdt fan dit jier ôf ek de hâlding fan ynwenners neffens de taal yn kaart brocht. Fanwegen it belang fan de Fryske taal foar ynwenners fan Fryslân, is Planbureau Fryslân de posysje fan it Frysk langjierrich te ûndersykjen as ûnderdiel fan har Brede Welvaartsmonitoring
Fryske Akademy: Undersyksrapport ‘Taal fan Fryslân. In nije koers’
Planbureau Fryslân: Taalmonitor Friese taal en Identiteit