Skip to main content

Krije jo de nijsbrief fan de Fryske Akademy al?

Yn 'e maitiid is de Fryske Akademy úteinset mei in moanlikse nijsbrief, as digitale oanfolling op it ledeblêd Ut de Smidte. Wolle jo ek op 'e hichte bliuwe fan it lêste nijs fan de Fryske Akademy en de ûndersykprojekten fan har meiwurkers?

Jo kinne josels fergees ynskriuwe foar ús nijsbrief, dy't tsien kear yn 't jier ferskynt. De nijsbrief is skreaun yn it Frysk, mei ferwizingen nei Nederlânske en Ingelske oersettingen. Ofmelde foar de nijsbrief is altyd mooglik fia de link ûnderoan elke nijsbrief.

Yn de edysje dy't hjoed online kaam, stiet nijs oer in sympoasium oer (East-)Fryske identiteit, ûndersyksstipe út Japan wei, in fakatuere foar in projektmanager Mercator (PhD), in ûndersyksrapport oer nije sprekkers fan it Frysk, nijs fan de wurkferbannen, opropkes foar help by ûndersyk nei de Fryske taal, in oersjoch fan publikaasjes en eveneminten en noch folle mear! 
 

Oanmelde as abonnee

Oanmelde foar de nijsbrief (fergees) en de eardere edysjes fan ús nijsbrieven besjen kin fia ús website.