Skip to main content

Lêzing Anne Hielke Lemstra oer famyljeskiednis yn Lúkswâld

Anne Hielke Lemstra

De Fryske Akademy bestiet 85 jier. It Genealogysk Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dêrom, yn ‘e mande mei de Fryske Rie foar Heraldyk, in middei oer Lúkswâlder famyljeskiednis. Op sneon 25 novimber hâldt genealooch Anne Hielke Lemstra yn doarpshuis ‘t Trefpunt yn Lúkswâld in lêzing oer de famylje Luxwolda en relatearre famyljes út it doarp, oant sirka 1875. Heraut Jelle Terluin fan de Fryske Rie foar Heraldyk komt fertelle oer de flagge en it wapen fan Lúkswâld. It begjint om 13:30 oere, de tagong is fergees.

 

De Luxwolda’s

Anne Hielke Lemstra giet yn syn lêzing yn op it ûndersyk dat er dien hat nei de skiednis fan de famylje Luxwolda en inkelde relatearre famyljes. It komôf fan dy famylje is, fansels, it doarpke Lúkswâld yn Opsterlân. It doarp sels en de eardere gritenij Aengwirden binne dan miskien lyts, mar de oerlevere boarnen jouwe rom ynsjoch yn dizze (lytse) famylje.

Generaasjes lang wiene de Luxwolda’s belutsen by de turfwinning yn ’e streek. Aldere generaasjes fan de famylje binne te finen yn it deunby Aengwirden, wylst lettere generaasjes harr fêstigen yn ûnder oare Langsweagen en op ’e Gordyk.

In artikel dat Lemstra skreau nei oanlieding fan syn ûndersyk, ferskynt ynkoarten yn it nije Genealogysk Jierboek, dat sûnt 1951 útjûn wurdt troch de Fryske Akademy en ûnder redaksje stiet fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk.

Spesjaal foar de lêzing fan Lemstra iepenje de doarpshistoarisy fan Lúkswâld de doarren fan harren argyf, dat húsfêste is yn doarpshús ‘t Trefpunt, dêr 't ek de lêzing hâlden wurdt.

 

Oer Anne Hielke Lemstra

Anne Hielke Lemstra (1967) is sûnt 2006 redaksjelid fan it Genealogysk Jierboek. Ek wie hy foarsitter fan it Genealogysk Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy.

Op de legere skoalle wie Lemstra al dwaande mei argyfûndersyk. Yn 2002 resultearre dat yn in publikaasje oer in famylje Lemstra yn it Genealogysk Jierboek. Dat gie net oer syn eigen famylje, mar oer in lytse famylje dy’t de famyljenamme ontliend hat oan har plak fan komôf: De Lemmer.

Yn 2015 skreau hy it boek 200 jaar Schirm mode Lemmer & Emmeloord oer de skiednis fan sân generaasjes kleanmakkers, fan de oprjochter Valentijn Schirm yn 1815 ôf oant de hjoeddeistige generaasje. Ek levere Lemstra in bydrage oan Tussen Zijlroede en Lijnbaan (2008), in boek oer de skiednis fan ien fan de oerlevere achttjinde-iuwske pannen op ‘e Lemmer.

 

Yn it koart

  • Lêzing Anne Hielke Lemstra – ‘Luxwolda’
  • Datum: sneon 25 novimber 2023
  • Plak: ‘t Trefpunt, Hegedyk 38A, Lúkswâld
  • Fiertaal: Frysk
  • Tiid: ynrin 13:00 oere, start 13:30 oere
  • Tagong: fergees

 

Jo binne fan herten wolkom.