Leden en lidmaatskip
Al sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 wurde jierliks nije Akademyleden beneamd. Akademyleden binne persoanen dy’t op in positive en oantoanbere wize in bysûndere bydrage levere hawwe op it wittenskiplik dan wol maatskiplik mêd fan de Fryske taal, kultuer en Fryslân yn it algemien.
Beneaming
Stipers en leden fan 'e Fryske Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Op de Akademydei wurde nije leden beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy't by de beoardieling fan de foardracht stipe wurdt troch de beneamingskommisje.
Foar in beneaming op de Akademydei op 12 septimber 2025 moatte foardrachten op syn lêst op snein 31 maart 2025 yntsjinne wêze by de direkteur-bestjoerder. Jo kinne in foardracht ynstjoere mei dit formulier:
Funksje fan de leden
Fuort by it oprjochtsjen fan 'e Fryske Akademy yn 1938 waarden al hûndert minsken beneamd ta lid. It wie doe de bedoeling dat dy leden wurk foar de Fryske Akademy dwaan soene, mar der is noait in offisjeel ûnderskied makke — sa't yn dy tiid wol barde by oare ynstellingen — tusken gewoane en wurkjende leden. Likegoed hawwe troch de desennia hinne in protte leden harren ynset foar de mannichfâlde wurkgroepen en wurkferbannen fan 'e Fryske Akademy.
Hjoed-de-dei binne leden foar de Fryske Akademy wichtich as ambassadeurs, dy't oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan 'e Fryske Akademy. Mar boppe alles is it lidmaatskip in erkenning fan immens wittenskiplike of kulturele fertsjinsten.
Op it stuit hat de Fryske Akademy sa'n 240 leden.