Taalkundich Wurkferbân
It Taalkundich Wurkferbân wol lju mei niget oan de taalkundige bestudearring fan it Frysk ‒sneupers likegoed as taallju fan profesje ‒ gearbringe, om sa de Fryske taalkunde fuort te sterkjen.
It giet dêrby om it Frysk yn al syn fazen ‒ Ald-, Mid- en Nijfrysk en de oergongen dêrtusken ‒ en om it Frysk yn rommer geografysk ferbân: it East- en Noard-Frysk, de Westerlauwersk Fryske dialekten, mei ynbegryp fan de Frysk-Nederlânske mingdialekten en it saneamde 'ynterferinsjefrysk', en de Hollânske dialekten op in Frysk substraat (fan foaral West-Fryslân en Noard-Grinslân).
Sûnt 2006 organisearret it Wurkferbân de Dei fan de Fryske Taalkunde, neffens it mal fan de Taalkunde in Nederland-dag (TIN-dag). Waarden de sprekkers earder útnûge, no wurdt der wurke mei in oprop foar lêzingen, dêr't taalkundigen op reagearje kinne. Dizze dei wurdt ien kear jiers, yn it neijier, holden.
De formule fan de Dei fan de Fryske Taalkunde slacht oan, sa docht bliken út it oantal presintaasjes op sa'n dei. Mar it giet fansels om mear as it tal sprekkers allinnich. Op syn minst like wichtich is it, dat der ek moai wat sprekkers by binne fan bûten de frisistyk, ek út it bûtenlân, en foaral ek jongere ûndersikers (promovendy en studinten). Dat is ek te merken oan de fiertalen; sloegen earder it Frysk en it Nederlânsk foar master op, it Ingelsk en it Dútsk spylje langer ek net swak by.
Oprjochtingsjier
1979 (as fuortsetting fan it eardere Taelkundich Wurkforbân)
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: dr. Anne Merkuur (e-post)
Skriuwer: dr. Fenna Bergsma (e-post)
Leden: prof. em. Rolf Bremmer, dr. Eric Hoekstra, Martijn Kingma MA en dr. Willem Visser
Jierferslaggen
Aktiviteiten
13de Dei fan de Fryske Taalkunde 2024
Wannear: freed 25 oktober 2024
Plak: Fryske Akademy, Ljouwert
Organisaasje: Taalkundich Wurkferbân
Tagong: fergees
Opjefte: fia e-post
Wolst sels in presintaasje of lêzing hâlde op dy dei? Stjoer in útstel yn foar 1 augustus 2024!
Eardere edysjes
12de Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 6 oktober 2023
Programma en gearfettingen (abstracts) fan de presintaasjes
11e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 19 novimber 2021
Programma en gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
10e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 25 oktober 2019
Programma en gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
9e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 27 oktober 2017
Programma en gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk).
8e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 21 oktober 2016
Programma en gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
7e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 23 oktober 2015
Programma: Frysk / Nederlânsk / Ingelsk
Gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
6e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 25 oktober 2013
Programma: Frysk / Nederlânsk / Ingelsk
Gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
5e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 14 desimber 2012
Programma: Frysk / Nederlânsk / Ingelsk
Gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
4e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 29 oktober 2010
Programma: Frysk / Nederlânsk / Ingelsk
3e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 23 oktober 2009
Programma: Frysk
2e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 26 oktober 2007
Programma: Frysk
Gearfettingen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk)
1e Dei fan de Fryske Taalkunde: freed 27 oktober 2006
Programma: Frysk