Skip to main content

Grammatika fan It Bildts ferskynt

De Grammatica van het Bildts, skreaun troch Sytse Buwalda, wurdt op tongersdeitemiddei 4 april presintearre op Campus Middelsee yn Sint Anne. De gearkomste begjint om 16.00 oere. By de presintaasje sil taalkundige dr. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy in lêzing oer it Biltsk fersoargje. It Biltsk is in streektaal, dy't praat wurdt yn de eardere gemeente it Bilt yn it noarden fan Fryslân. De Biltske taal is in mingtaal fan Frysk en Nederlânsk, ûntstien nei de ynpoldering fan it lêste stik fan de Middelsee yn 1505. 

Stipe
By it skriuwen fan de grammatika is Buwalda stipe troch taalkundigen Pieter Duijff en Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy. Hja krije dan ek it earste eksimplaar fan de grammatika oanbean.
De grammatika is útjûn troch de De Bildtse Boekerij. De nije website fan dizze útjouwerij sil op tongersdei 4 april ek it ljocht sjen. Op dy website binne tsientallen boeken te besjen en del te laden.