Skip to main content

Marije Buma wint Lyts Frysk Diktee

Alle dielnimmers en de organisatoaren fan 2024

De priiswinners fan 2024: Marije Buma, Annarixt Weststeijn en Saphyra Holwerda. Foto's: Jacob van Essen / Hoge Noorden

Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 6 flaters wie se tiisdei 14 maaie de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Ferline jier wûn se it ek al. Twadde waard Annarixt Weststeijn fan de Doarpsskoalle út Nij Beets mei 9 flaters. En it tredde plak wie foar Saphyra Holwerda fan de Tijstream út Holwert.

Der dienen yn totaal 46 learlingen fan 22 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Skriuwer Jan Minno Rozendal skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Jan Minno Rozendal is bekend fan ûnder oaren it boek Tie Break (2024).

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.